sibejan | interieur etc.

DE (Berlin)    +49 176 9933 7276
NL                   +31 6 5050 5925

skype sibejan

e-mail, facebook, twitter, LinkedIn
In buro fan mat lakt ikenhout mei brûkte laadsjes, ynboude stopkontakten en in klep yn it wurkblêd, dy't mei in learke iepene wurde kin.

Myn opdrachtjouwer socht in praktysk wurkplak, mar fûn it op itselde stuit dreech it âlde fuort te dwaan, lykas fan in tal samle laadsjes. Just om dizze laadsjes hinne is in buro ûntstien.

It wite keukenlaad komt út it eartiidse tinthûske fan syn mem. It wat skansearre laadsje dérboppe wie fan it buro dêr’t hy as bêrn syn húswurk oan makke. En yn it griene bôlelaad út in earder hûs húzet no de printer.


• partikuliere opdrachtjouwer
• realisearring y.g.m.: Joris Stiphout Timmerwerken
• materiaal: moeraseken en brûkte laadsjes